Dichters fan RIXT by Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten

Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearre wer in Grutte Gedichtejûn. Dat op op in stoarmige freedtejûn kamen in lytse fjirtich dichters yn it o sa smûke Marktzicht te Drachten om foar it ynteressearre publyk poëzy foar te dragen. Dichters fan alderhanne statuer, gender, tongfal en poëtika kamen efter de mikrofoan. Dêr wienen ek in moai espeltsje dichters fan RIXT by.
Ineke van der Heide presintearre koart har bondel Broek mei bûsen, dy’t earder dy dei ‘offisjeel’ presintearre wie. Hja mocht fan ’e organisaasje justjes langer oan it wurd om sa it boek syn gerak te jaan. Alle dielnimmende dichters mochten in eksimplaar mei nei hûs ta nimme.

Rôt

De rôt is âld,
is klomsk en kâld,
is stram en stiif,
hat pine yn it liif.

Dan komt de sinne
en dêr rint rôt wer hinne.

Ineke van der Heide. Foto: Geart Tigchelaar.
Bert Hadders. Foto: Geart Tigchelaar.

Muzikant Bert Hadders wie ynflein alhiel út Grins wei, dat sadwaande hie de jûn yn Drachten in Grunneger tintsje krigen. Hadders koe wakker smeudich fertelle en syn moaie stimlûd klonk noch lang nei.
De organisator en redakteur fan Ensafh hie it tiidskema moai strak opsteld, sa strak dat de jûn in healoere earder dien wie. Sa koe elk smûk neipetearje en noch in buorrel nimme foar’t de lêste bus werom gie.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *