Wêr giesto oan foarôf tinkst / Waar ga jij aan vooraf denk je

Ynkoarten ferskynt de fjirde, Nederlânsktalige dichtbondel fan Jan Kleefstra by útjouwerij Aspekt. It is in komposysje ferlykber mei dy fan inkelde fan syn favorite muzykstikken. It tekenwurk is fan Christiaan Kuitwaard. Earder ferskynden twa Frysktalige en in Nederlânsktalige bondel fan Jan Kleefstra by De Friese Pers. Hjirûnder fine jo in gedicht út de bondel, mei in Fryske oersetting fan Geart Tigchelaar.

Kleefstra oer syn nije bondel: ‘De oanrin fan in moarn dy’t wit dat se har oerjaan sil, it stadich stadich oanboazjen fan wyn, it út ’e fierte wei tichterby kommen fan de slieptrek fan tûzenen guozzen, de bloei op in plak dêr’t nimmen komt, in fersliten muzykstik, de rop om oandacht fan in fergetten stik lân yn ’t oantinken fan har dy’t dêrboppe noch songen hat. Foarearst is it inkeld mar de ús oerbleaune taal. Of lykas twa kâltsjende ravens yn in beamtop sizze: “Hjoed wie der in hearlik waarme sinne, mar ris sjen wat der moarn út it lemieren wei te foarskyn krûpt.”

Sjoch ek:
https://www.uitgeverijaspekt.nl/auteurdetail.php?id=943 en
https://romkekleefstra.blogspot.com/


Jan Kleefstra
Oersetting: Geart Tigchelaar

Wêr giesto oan foarôf tinkst

it oerwinterjen fan sweltsjes
it klapwjukjen fan snieflinters
in mei ljurken besiedde himel

faaks priuwt it nei bitterkrûd

faaks aanst in beamkekrûper
dy’t rein flústeret

faaks de yn reagen blinkende moarntiid

of dript der bloed efter de skou
yn ’e fierders sunich bleaune fertellings

*

Waar ga jij aan vooraf denk je

het overwinteren van zwaluwen
het klapwieken van sneeuwvlinders
een met leeuweriken bezaaide hemel

misschien proeft het naar bitterkruid

misschien straks een boomkruiper
die regen fluistert

misschien de in ragen blinkende morgen

of druipt er bloed achter de schouw
in de verder zuinig gebleven vertellingen

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.