It heitejier

6 febrewaris 2019

It is hjoed presys twa jier lyn dat ús heit ferstoar. Oer it gegeven, it ferstjerren fan ’e heit, dêr’t elk in kear foar komt te stean, of men moat sels al earder gean, skreau ik in syklus fan tolve fersen: It heitejier I o/m XII. Dy syklus is opnommen yn myn tredde dichtbondel, Wij yn ’e draaimûne. Dy bondel komt yn april út, tagelyk mei myn earste roman, beide by de Afûk Utjouwerij. Hjir alfêst, as myn earste moannegedicht, in priuwke:

It heitejier

I

It begjint mei in fal. O, wat koe er
it yndertiid al min ferneare, de
bult op ’e kop. ‘In goede rider falt
net.’ Doe koe er it op it iis smite.

‘As ik dy wurgens earst mar kwyt
bin.’ Hieltyd lytser de blokjes om.
Dêr’t er oars de gek mei hie, in
ynienen amper ôf te lizzen wei.

——–
IV

mar hy wurdt der net better fan.
Nim him no mar mei, Tiid! Dat
ik dat nachts snokskouderjend
op it húske nochris tinke soe.

Hy dy’t sels sa’n skerp each
hie foar sykte, yn eigen en
oaren har ierappels. Beret de
hân dy’t it lof út ’e grûn luts.

@ Janneke Spoelstra

One Reply to “It heitejier”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *