Kultuerpriis De Fryske Marren 2018 takend oan Eppie Dam

Wethâlder Durk Durksz rikte op de nijjiersgearkomst fan de gemeente de Kultuerpriis út oan dichter en skriuwer Eppie Dam út Sleat.

In karkommisje, besteande út Karel Gildemacher fan De Jouwer, Baukje Meetsma fan De Lemmer en Anne Herrema fan Balk, hat Eppie Dam selektearre út 13 foardrachten. Dêrfan hellen 4 de twadde omloop: de berneboekedei fan Terherne, de rockopera Tommy fan De Jouwer, iepenloftspul Weispield fan Bantegea en Eppie Dam, mei syn bondel Ienkennich lânskip.

In útdaagjend en ynspirearjend projekt
De karkommisje seit yn it sjueryrapport dat “it boek in útdaagjend en ynspirearjend projekt is, dat dichter Eppie Dam en byldzjend keunstner Gijs Dragt (fotografy) tegearre makken. Dy gearwurking hat laat ta in bysûndere dichtbondel. It boekwurk lit yn tachtich siden sjen hoe ’t beide keunstners it lânskip observearje en belibje en hoe’t dat har ynspirearret. Derby joech de kwaliteit fan de bondel njonken de bewûndering foar oar wurk fan Dam úteinliken de trochslach. Syn poëzy (en it oare wurk yn in grut ferskaat) is fan in heech nivo.”

Grutte wurdearring foar de oare nominearren
It kolleezje fan Boargemaster en wethâlders hat it advys fan de kommisje oernommen. Tagelyk is der ek grutte wurdearring foar de oare nominearren. Benammen Weispield en Tommy hawwe de gemeente yn 2018 kultureel op de kaart set. De berneboekedei yn Terherne is in moai foarbyld foar oare plakken om de jeugd (de âlden en pakes en beppes) entûsjast te meitsjen foar de Fryske taal. En dêr is de priis úteinliken ek foar bedoeld.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *