Goederjousk

De meastentiids smoute feestmoanne desimber is mei it Sinteklaas- en Krystfeest en Ald en Nij by útstek de moanne fan it jaan en it krijen. Henk Nijp, dichter fan de moanne desimber, skreau der in light-verse oer.

Goederjousk

ik mei graach wat krije mar
jou ek gauris wat werom:
meitsje moarnsbetiid de bôle klear
mei kofje, soms mei sjú
mar earst doch ik dyn yoga-oefeningen,
draai de ferwaarming op
helje de krante út ’e bus
klau dêrnei ôfwaskmasine leech
en set it diggelguod te plak
stofsûgerje it hiele hûs;
boppe, ûnder en it hok
knip de hage om ’e foartún
en achter by de sleat
snoei de wylde wylgen
soe it gers ek meane
mar wy ha gjin greidehiem
it is hjir inkeld grint en tegels
dus poarkje ik it túch mar út ’e foegen
fervje de kezinen as it der oan ta is
de doarren en de drompels
meitsje alle dagen waarm iten
mei jirpels, fleis en griente
himmelje it húske en putsje fan ’e dûs
poets de brillen skjin
helje smoarge dridze út ’e goaten
draai gauris de fine wask
en de bûnte en de wite
neitiid giet dy dan de drûger yn
of oan ’e line en
letter opteard yn ’e kast
it striken doch ik net
want dat is gjin dwaan
plak fytsbannen mei gatsjes
beide, foar en efter,
en pomp de boel wer op
tank elke kear de auto fol,
do rydst ’m yn no-time wol wer leech
typ it wachtwurd fan dyn webakkounts
set dyn hantekening op e-mails
ûnthâld dyn DigiD
folje de belesting yn
lês ik dy de rouberjochten foar
tropje dêrnei de krante by it âld papier
en as it jûns wat tsjuster wurdt
doch ik de gerdinen ticht
set noch gau de kliko by de dyk
doch de telefyzje út,
poets noch krekt dyn tosken net en
ljochtsje fierder ôf,
wy ferskjinje sa no en dan it bêd
mar dan ha ik wer gjin kessen en sit
ek sûnder sloop

want do dielst inkeld mar de lekkens út

@Henk Nijp

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.