Uneinich

In nij gedicht fan Evita Bakker. Oer de rin fan it libben en de leafde. De dichteres, dy’t diskalkuly hat, liet har ynspirearje troch in liet fan Eefje de Visser oer rekkenjen.

Uneinich

Soms hoechst inkeld de omtrek
te mjitten om te witten
hoelang’t it duorret
foar’t it libben
op de kym stikken spat.

Ik taast nei it sinnefjoer yn ’e eagen
dat mei tûzen poaten tagelyk myn glimk streaket,
fiele wol oft wy tegearre
út ûneinichheid bestean.

Oft dit libben gauwer oan de tiid ûntglûpt
wannear’t it ús as in knûkelige foto
mei sepia âlder sminkt.

Wy fâldzje de hannen stiif foar in God
dy’t de wrâld dochs net rêde sil
om’t tiid mar in oerskot is.

© Evita Bakker

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *