Adieu demoiselle Zelle

In boartlik sonnet fan Syds Wiersma oer de ein fan Kulturele Haadstêd. Yn de foarm fan in ôfskiedsbriefke oan Mata Hari, dy’t as ferbylde ‘special guest’ it hiele jier meimakke en yn it slotwykein noch bedarre yn Frânske ‘lumière’-sfearen.

Adieu demoiselle Zelle

Demoiselle, wêr leit it Frânsk noch op ’e dyk,
wat tatoeaazjes op trotwaars (beaumantsjes),
ús sjeu giet leaver om ’e noard, gjin sjyk
fan koertisanes dûnsjend op sjansontsjes.

Mar as ’t fantoomboatsje fan Marten Winters
sa wyt as Jeanne d’Arc de nacht trochskoot –
in faam dy’t mei papier-masjeeën flinters
de lêste kulturele kapitalen skriuwt –

dan set de stoet Convoi Exceptionnel
de stêd noch eksintriker yn lumière
as luna’s ljochtfeest, tiid tinkt my foar Brel
want wa koe hiter yn ’e flammen stjerre?

Enfin demoiselle, finí, it jier is oer
of bliuw’ jo yn dit stedsje, pour toujours?

© Syds Wiersma

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *