Hjelbeam

Oane de Boer is boeresoan en komt fan in pleats op Kie, in buorskip krekt ûnder Frjentsjer. As jonge kaam er faak yn it doarp Hjelbeam. Dêr wie it te rêden. Der waard keatst, toanielspile en feestfierd. In soad strjitten ha jo net yn Hjelbeam, mar ien derfan is It Paradyske, lyts dekôr foar dit gedicht. Oane de Boer makke yn april syn dichtersdebút by Ensafh, dit is syn earste gedicht foar RIXT.

Hjelbeam

de wyn twirret
troch de helte fan dyn bestean
ik ha gjin eangst dat de beam
my ferjit
It Paradyske dûnset as
in weachje de soele
jûn ferdriuwt
de toer sjocht grutsk
by de slaggen dy’t de bongel
op skonken fan ljocht
efterlit

© Oane de Boer

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *