it waar kin samar omslaan achter snits

Stel der is in keunstner. Dy fersmyt alle konvinsjonele patroanen om oer de werklikheid te fertellen. Lizzende hoarizonnen, fallende skaden efter feiten op ’e grûn: dat seit allegearre neat oer hoe’t de minske syn wrâld ûnderfynt, dat hup fuort dermei. Mar oan syn keunstwurk komt op in dei ien foarby. En dy wol der in ferhaal oer fertelle dat neffens de werklikheid fan no is …

Eppie Dam is yn oktober gastdichter foar RIXT.

Johan Haanstra, ‘Scharnegoutum’, 1982/1983, oaljeferve op linnen, 80 x 80 sm, mei tank oan Ina Hogen Esch

it waar kin samar omslaan achter snits

‘is er ook een camping die een beetje
aan scharnegoutum doet denken?’

ierlân yndachtich
omfreedzje fjouwer seizoenen de dei
skearnegoutum ferivige op linnen
kanteljend skilderij fan klimaat yn ’e oalje

sa kin it byld feroarje
yn in bestek fan 80 bij 80
dat in etmiel duorret

it reint pipestâlen sinnebrokken
hoannebalken bargebongen
noch gjin ko-om-halzen
hazzesprongen tuorrebouten
en samar reint it skieppekoppen

hiele brouten heale soalen reint it
like hurd as koaleskoppen
hinnebouten molestiennen
foetôfdrukken fan de waaromslach
dy’t merakelmoai belukt
hjoed om te begjinnen
yn ûnskuldich skearnegoutum

sokken as fokke en sukke
wolle ergens hjir wol hinne

© Eppie Dam

Dit fers ferskynt yn 2019 yn de bondel omstreken by Utjouwer DeRyp, Blauhús

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *