RIXT-dichters skriuwe op Skjin Laai

Justermiddei waard yn Beetstersweach de útstalling ‘Skjin Laai/Tabula Rasa, leechte yn wurd en byld’ iepene. De útstalling is in projekt fan Tresoar en Galerie Schoots en Van Duyse út Antwerpen yn it ramt fan LF2018, Lân fan Taal. Yn it âlde gritenijhûs fan Opsterlân ferbyldzje en ferwurdzje keunstners en dichters de skeppende leechte.
Op útnûging fan Tresoar waard oan RIXT frege om mei te wurkjen oan it projekt. Santjin RIXT-dichters ha gehoar jûn oan de oprop om in gedicht by it tema Tabula Rasa te leverjen. Byldzjende keunst en dichtwurk hingje yn Beetstersweach byinoar, trochinoar, fersterkje elkoar en lizze ferrassende relaasjes.

Bert Looper

Bert Looper, direkteur fan Tresoar, liedt de útstalling sa yn:
‘Yn 1974 skreau Steven de Jong yn it tiidskrift Trotwaer it gedicht ‘Tabula Rasa’, mei de begjinrigel ‘de stilte falt yn wurden op it wyt papier’. Yn 2018 skriuwt Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, by de útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa in gedicht mei de slotrigel ‘sa’t altemets út it neat wei skepping syn flecht fynt’. Twa prachtige rigels dy’t it wûnder en it riedsel fan ‘skepping’ ûnder wurden bringe. De dichter of keunstner sit foar syn wite papier en ynienen falle der wurden en bylden. Wêr komme dy wie? Ut de leechte? Samar? Is it hieltyd wer begjinne mei in skjin laai? Of is it no krekt út de follens wei fan tûzenen jierren lang opsteapele ideeën, teksten en bylden en besiket de skriuwer/keunstner om wer leechte en stilte te meitsjen?’

Grytsje Schaaf: Heintiid, koartlyn, krekt, Wrine, spriede, tekken, Diiskâld, skrousk, klomsk. Materiaal: stiel, ferskate ôfwurkingen

 

Op Skjin Laai/Tabula Rasa hinget wurk fan de keunstners Armando, Harmen Abma, Bernard Aubertin, Sies Bleeker, Bram Bogart, Marije Bouman, Jan Henderikse, Maaike Hogerhuis, Elmar Kuiper, Anke Kuypers, Jan Maaskant, Albert Oost, Zoltin Peeter, Grytsje Schaaf, Baukje Scheppink, Jan Schoonhoven, Kaneli & Smit. De gedichten binne fan Willem Abma, Pieteke de Boer, Edwin de Groot, Tsjisse Hettema, Eeltsje Hettinga, Hein Jaap Hilarides, Simen de Jong, Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Rein de Lange, Bartle Laverman, André Looijenga, Aggie van der Meer, Henk Nijp, Marije Roorda, Geart Tigchelaar, Jetze de Vries en Syds Wiersma.

Grytsje Schaaf, Hein Jaap Hilarides en Syds Wiersma

 

QED, fan Bartle Laverman

 

Skjin Laai/Tabula Rasa, leechte yn wurd en byld

Fan 14 oktober o/m 16 desimber, Haadstrjitte 17, Beetstersweach.
Hjir it gedicht fan Marije Roorda, ynspirearre op wurk fan Mark Rothko.

Nei it neat

It freget mear as dizze keamer
leech te heljen, muorren te wytsjen
en lis de keale romte in swijplicht op
sadat in leechte yn my trochkringt.
Earst dan dwaal ik ôf nei
in djipper neat dêr’t dôvens
delstrykt yn in wurd en rekket
in byld bedwelme as ik nei
it swart fan Rothko stoarje,
mei huver syn donker fjild ynrin
dat sprakeleas
it ûnbestimde iepenteart.

© Marije Roorda

Nothing bound

It takes more than emptying out
this room, painting the walls white
and binding the empty room to secrecy
to bring emptiness home to me.
Only then do I stray towards
a deeper nothing where deafness
settles in a word and an image
becomes intoxicated as I stare
at the black of Rothko,
walk anxiously into a field of darkness
which speechlessly
unfolds the inscrutable.

© Oersetting: Trevor Scarse

Foto’s Geart Tigchelaar

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *