Swarte Pyt yn Grou

It proses tsjin de ‘blokkear-Friezen’ giet hjoed fierder. Foar Syds Wiersma, opgroeid yn Grou, oanlieding om in gedicht te skriuwen oer de Swarte Pyt fan syn bertedoarp. Yn Grou wurdt gjin Sinteklaas fierd, mar Sint Piter. De Swarte Pitefiguer hat der in oare rol as de piten yn it feinteleger fan Sinteklaas. Yn Grou is mar ien Swarte Pyt. Dy is minder as de klazepiten in ‘flat character’. Sa reizget er faak allinnich, komt meastal in wike earder oan as Sint Piter en hat yn dy wike de wichtige rol fan boadskipper. Hy fertelt oer de aventoeren op syn lange reis en fljocht mei slepen bern achter him oan troch it doarp. Gjjin nammeleaze dus, wat de klazepiten mei allegear deselde namme yn feite wol binne.

Swarte Pyt yn Grou

By ús yn Grou wie Swarte Pyt in held.
Gjin nammeleaze yn in rige piten,
mar kammeraat en boadskipper besteld
mei ’t bringen fan in wrâld oan will’ en fiten.

Hy reizge troch de febrewarisnacht,
Sint Piter fier foarút, foar ús allinne
rôp er oer ’t iensum paad in stjerremacht.
As hy foar ’t ljocht kaam koe it feest begjinne.

Al like Frysk as swart en wyld ynklús
ferhelle er de wûnders op syn tochten.
Hy brocht ús taal út fiere oarden thús,
liet sjen dat wy nei ’t frjemde langje mochten.

Hy dûnse op in wize libbensnocht.
Hy hat my it respekt foar swart bybrocht.

© Syds Wiersma

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *