Op 22-09-18 wiene fiif dichters fan RIXT oanwêzich op it jierlikse Greidhoek’ Festival yn Wommels, te witten Simen de Jong, Jetze de Vries, Syds Wiersma, Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar. Tsjek de foto’s!
de man op ’e fyts
tak
tak
tak
tak
alle moarnen itselde
tak
tak
tak
tak
it ritme is gelyk
oan de omgong fan myn trapers
de pear meters wurde nea minder
de ôfstân yn myn holle wurdt al lytser
tak
docht syn kettingkast
it makket ús beiden net út
watfoar waar oft it is
ik moat nei skoalle
tak
en hy moat my
wat er no krekt wol
is de jacht genôch
wurdt syn fantasije
thús yn in âld sok útstoarten
tak
geane wy de bocht om
by de Tsjaardema’s
de boer seagen wy nea
mar de boerin namste mear
dy’t wy steefêst muoike neamden
yn har skelk sieten smoarge bûsdoeken
mar ek in see oan suertsjes
tak
it keale stik dêr’t de wyn
meast ferkeard stiet
hjoed is sa’n dei
sa stil dat de tak
noch grimmitiger klinkt
op it perverse ôf
tak
it hûs dêr’t Teade wenne
dy’t yn syn koarte libben
faker ferhûze wie as de roeken
nesten bouwe yn ’e beammen
op it hiem mei’t syn heit
op ’e nij beroppen waard
yn in gemeente dêr’t ik de namme
fan fergetten bin
tak
moarns is de wrâld op syn moaist
as it sintsje har nochris omdraaid
as de blêden noch slomje
fluitsje ik foar it lêst nei skoalle
om fan ’e man op de fyts ôf te wêzen
tak
tak
tak
tak
tak
tak
tak
© Geart Tigchelaar