Penjumer Gouden Halsbân

Foto: Gitta Overmaat

In wichtich Frysk kultuerlânskip wurdt earnstich bedrige troch it beslút fan Provinsjale Steaten om njoggen mega-wynturbines om de doarpen op ‘e Kop fan ‘e Ofslútdyk te pleatsen. De befolking rint risiko’s op swierrichheden mei har sûnens en natoer en lânskip wurde oantaaste. En dát wylst – sa’t wy yntusken witte – der mei Wynpark Fryslân yn it Iselmar genôch megawatts opwekt wurde sille om oan de Ryksfraach dy’t oan Fryslân steld wurdt te foldwaan. De aksjegroepen Hou Friesland Mooi en Bezorgde Burgers Hiddum Houw litte it der net by sitte. Sy stappe dizze moanne nei de Rie van Steat. Dichter Dien de L. Boer is ien fan de aksjefierders. Oan har fraach om in bydrage te leverjen oan de harksittings tsjin dit plan waard troch in groep dichters fan RIXT gehoar jûn. Dien skreau it gedicht Halsbân oer in pearel yn dit gebiet: de Penjumer Gouden Halsbân. It is in tûzen jier âlde dyk, dy’t yn in wide rûnte om Penjum hinne behâlden bleaun is. It gedicht waard opnommen yn de film De Dyk, dy’t Jeroen Hogendoorn deroer makke hat. De Penjumer Gouden Halsbân is as kuierpaad hielendal te berinnen. Midden yn Penjum hinget it gedicht fan Dien L. de Boer. Syds Wiersma makke der koartlyn in Fryske oersetting fan. Dy kinne jo hjir no lêze.

HALSBÂN

Zet ergens de eerste stap
op de Pingjumer Gulden Halsband
hij slingert door aardappel- en
grasland en je voetstap slingert mee

volg de dijk die er nog ligt
deels vergraven en vervlakt
die eeuwen zee heeft gezien
nu nooit meer keert

mooie werkeloze binnendijk
vol bedrijvigheid, wat hem bewoont
vliegt op als je aankomt, de kievit
of de ree uit het riet

loop en tuur naar de torens
van Arum, Zurich en Pingjum
maar je pad tussen de lappen land
is vrij van alle dorpen

met de ruige begroeiing mee
begeven je voeten zich naar een hemel
aan het firmament van groen
branden de paardenbloemen.

© Dien L. de Boer


HALSBÂN

Set earne de earste stap
op de Penjumer Gouden Halsbân
hy bochtet bou- en greidlân troch
en hat dy wynjend by de hân

folgje de dyk dy’t der noch leit
diels sljochte en ôfstutsen
dy’t iuwen de see sjoen hat
syn brekken is no brutsen

moaie wurkleaze binnendyk
drok bedriuw hat der syn stee
spat op ast der oankomst, in ljip
of út it reid in ree

sjoch Arum, Surch en Penjum
en bedikerje de tuorren
dyn paad tusken de lapen lân
is frij fan doarp en buorren

yn de rûge begroeiïng op
fiele dyn skonken in himel kommen
oan it swurk fan einleas grien
brâne de hynsteblommen.

Oersetting: Syds Wiersma

Hjir in link nei Dien L. de Boer dy’t it gedicht foardraacht.

Yn ûndersteand filmke, makke troch Jeroen Hogendoorn yn ‘e wiken fan de ynspraak tsjin it wynturbineplan, leit Geert Mak út hoe dûbeld de Provinsje Fryslân mei it lânskip omgiet. Oan ‘e iene kant meitsje se der dit kulturele haadstêdjier sier mei, oan ‘e oare kant helpe se it genedeleas nei gychem.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *