Achter De Hoven

Op freed 31 augustus 2018 hâldt foar it lêst in reguliere stoptrein ho op halte Ljouwert Achter De Hoven. It minst brûkte treinstasjon fan Nederlân wurdt dêrmei út de tsjinstregeling helle. André Looijenga, ús moannedichter fan  augustus, wennet by it stasjontsje om ‘e hoeke. Hoewol ’t er der noait yn- of útstapt is, skreau dit lytse earbetoan.

https://frieschdagblad.nl/2018/8/30/het-treinstation-dat-nooit-gewenst-was-maar-fryslan-toch-veel-heeft-gebracht

 

Achter De Hoven

8:07 ri. Leeuwarden
15:52 ri. Groningen
16:52 ri. Groningen

efkes foar it einstasjon
krekt nei it fuortriden
remme de trein ôf yn
krekt net de stêd

twa man derút moarns
middeis ien der wer yn
wer oplûken yn it blau
fan moarn of jûn

leeu-war-den-ach-ter-de-
ho-ven melde de stim
de ynsitters as yn har
ûnfêste sliep

klompetreinen holden hjir
sa’t se se neamden mei
arbeiders út wâlddoarpen
foar fla en moal

op it kizelstienbeton
beäntwurden de klompen
oan kollega’s, kunde in
bôletromgroet

hearst hjir faaks skimerblau
de tegels noch skrassen
as it nevelmoarns stil wurdt
nei ’t lânsriden

it perron bliuwt wol wachtsjen
en oan de kant nei hûs
stiet in abri noch salang’t
er him skûlhâldt

André Looijenga

 

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *