Moraliteit fan Robin Hood

Ofbylding: “I Made This” meme fan Tumblr-brûker Pictures in Boxes, basearre op ’e oarspronklike “I Made this” strip fan Tumblr-brûker Nedroid (echte namme: Anthony Clark) pleatst op 30 jannewaris 2013 mei de titel “The Internet.” (fia Pictures In Boxes)

Hjoed in gedicht fan Friduwih Riemersma oer in skeafergoeding fan trijetûzen euro dy’t de Ried fan de Fryske Beweging betelje moat om’t syn nijsside It Nijs foto’s publisearre hat sûnder tastimming fan de fotograaf. Dit seit Friduwih Riemersma deroer: ‘Prosessen om skeafergoeging binne gjin seldsumens – media as Instagram hawwe fotodieverij inkeld mar makliker makke – want plôkje ienris in foto fan Google en set dy op jo blog en it kin al misbeteare. Bysûnder is wol de beskamsume rige ferlechjes op It Nijs, fan ‘elkenien docht it’ oant ‘mar wy binne de Sameritaan fan Fryslân’. Mar hoe kinne jo stride foar erkenning fan jo kultuer as jo yntellektueel eigendom net erkenne?’

Foar it fers hat de dichter gebrûk makke fan Knight & Ohlgren, A Gest of Robyn Hode, en Waltz, The Gest of Robyn Hode.

Moraliteit fan Robin Hood

Ho en harkje, fotograaf,
Waans fakmanskip is frij;
‘k Fertel jo fan in goed Frysk stek,
Syn namme wie It Nijs.

It Nijs wie grutsk en fûgelfaai
Sa’t hy op ’t reach omrûn
Sa earlik fûgelfaai’t er wie
Hie nimmen ea ien fûn.

It Nijs moast foar de rjochter stean,
In copyrightfersin;
Dêr foel in eask ûnbinlik heech,
In falstrik foar gewin.

Ek rôv’ It Nijs út ryk besit,
En skonk oan earme lju;
Hie dalik spyt oanbean of lean,
Sa’n tsientsje yn natuer.

Doe spruts de lytse fotograaf
Alsa It Nijs dryst ta:
Op byldwurk stiet in priis, menear,
Wol wet en bûn sa ha.

Spruts doe It goede Nijs: ‘Och kom,
Jo foto’s seach gjin hûn:
Wa lêst no ús begrutlik blêd
Yn ’t Frysk, sawat ferdwûn.’

‘Hjir draait it skuldleas folk foar op:
Auteursrjocht is in pleach.’
Sa spruts de fûgelfaaiste stek
Dy’t tahâldt op it reach.

© Friduwih Riemersma

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *