Royale Lúkse

R-Day
It sil heve, de reuzen komme! Ljouwert yn ‘a bubble’, de stêd lamlein en alles moat wike, wat op ‘e rûte stiet wurdt sloopt. Al moannen is it barren hyped en wy steane derby en sjogge der nei mei al dy tûzenen toeristen. Kultuer fan it boppeste buordsje…

Reuzesloopwurk (foto: still fan in LC-video)

Royale Lúkse

Memmen hâld jo dochters by de rokken:
de royale klazen binn’ op kommenswei!
Hja wâdzje wat yn ’t paad stiet fuort oan brokken,
hingjend yn ‘e kabels – koalferkeaperij.

In trio houten harken mei wank’le trêden
en in flutferhaal; in reuzereed bebakt yn iis …
Folle faker al fertoand yn party mearkestêden,
ach, pommerantsjes bin mei koal hiel wiis.

Trije dagen achter skoattels, trije dagen in kordon,
’t belis fan Ljouwert, as yn in skier ferline,
alles wykt foar de salespromotion:
draaie sil de jildmasjine!

Memmen, it is al oer de helte fan it jubeljier,
en fier foarby it alderplatst fertier!

© Henk Nijp

 

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *